Biologisch eten voor mijn kind

Beste Jan,
Elkenien jout syn bern tsjinwurrich mar allerhande biologysk iten. Gewoane appelsjerp is al net mear goed genoch. Is dit ien of oare rare hype as bin ik in minne heit as ik dit soate van macrobiotische kreeaasjes net safolle oan him jou. Wat kleare sûker sa no en dan is ek gewoan hartstikke lekker en in genot wat ik myn bern net ofnimme wol. Ik bin sels nammentlik ek hiel sûn grut wurden, sûnder al dy bio dingen.

Beste Tarek,
Ik kloppet dat in soat minsken hjoed te dei bewust mei it iten fan syn kroast dwaande is. De bewuste alders, dy’st do dus in soat yn dyn omjouwing sjochst sette harren bern inderdaad hiele oare dingen foar dan alle swietigheid wêr’t wy (sûn) en grut mei wurden binne en dat is neffens my alinnichn mar mooi.

Der sit in soat ferskil yn hoe’t alders harren bern opfiede. Yn it iene gesin makket it allegear neat ut wat der iten en dronken wurdt en by oaren wurdt alles ûnder in fergrutgles lein. Do bist sûn grut wurden mei sûne en minder sûne dingen en sokke minsken binne der nog steeds. Oan de oare kant binne der ek dudlik de minsken te sjen dy’t hielendal gjin rekkeningn halde mei wat se ite en op wat foar tiidstip. Sjoch bygelyks nei de bern mei obesitas en sûkersiekte.
De keunst is neffens my dat je bewust binne fan wat je ite en wat je je bern joue. As dit biologysk is dan hald dit yn dat it iten net bespoten is en dat je dus gjin gemyske rommel binnenkrye wat wol yn en op bespoten griente en fruit sit. Dit fersil lyket net sa hiele grut mar ik kin ut ervaring fertelle dat it wol degelijk in grut ferskil is.

Ik ha twa jier lang en oplieding dient ta kindercoach mei in specialisatie op jonges. Dy oplieding wie ien kear yn’e moanne in wykein. Wy krygen der alinnich mar biologysk iten, fan de koffie tot sprutsjes en fan de chips tot de bierkes….echt alles en dan ek nog sûnder fleis. Op sich fansels gjin probleem want it biologyske iten is goed (lês better) fan smaak en sûner foar jeself om’t der gjin gemyske stoffen en conserveringsmiddelen yn sitte. Mar foar my sieten der wol wat neidielen oan. Om’t ik thus absoluut net went wie oan dit soarte iten en ik yn de oplieding yniens mei dea smyten waard, hiene myn darmen de grutst mooglike mouite om harren hjir goed by te fielen. Se seinen eins: Jan wer bist do yn godsnamme mei besig. De darmen gooiden dan ek de kont yn de krib om my sjen te litten wat foar effect it op har hie. Dit diene se troch it hiele wykein oeractief te wezen, as in hyperactieve jonge hûn dy’t al trye wyken net ut syn benche west is en no foar it earst wer nei bûten fleane mei.
Dus siet ik yn ien wykein faker op de pot dan dat ik yn de hiele moanne foar de oplieding dien hie. Net echt noflik as je ek nog faaie moatte mei ecologysk wc/krante papier.

Dit moast dus oars, mar hoe? Ik koe net easkje dat we yn de oplieding ek gemysk bespoten iten ha moasten om’t myn autistische darmen net sa goed oer de plotstelinge feroaringen koe. Wat ik wol dwan koe, en wat ik ek dien ha, is myn itenspatroan thus wat feroarje sadat de oergong net sa grut wie foar myn earme, hyperactieve darmkes. Net dat ik thus no alles macrobiologysk iet hear, hielendal net. De bierkes fan Hertog Jan bliuwe nog altyd lekkerder (en in stik goedkeaper) as wat foar biologysk bier dan ek. Mar ik prebearje der wol wat om te tinken en rekkening te halden mei myn darmflora, dy’t de oerstap nei de oplieding sûnt myn oanpassingen in stik maklikker ofgiet dan derfoar.

Myn boadskip foar dy is dus: doch foaral wat ast do goed fynst en wês dy bewust fan wast joust, mar dat bist do al want oars hiest disse fraach fansels net stelt. Biologysk iten is sûner foar je, mar it skeelt faak nog steeds in soat yn priis mei it oare iten yn’e winkels. Nim it mar mei in korreltsje……sûker?

Groetnis Jan Stenekes

Leave a Reply